De Friese agenda (bûsboekje) voor 2027 . Vanaf heden is deze Fryske aginda weer verkrijgbaar.
Kunt u alvast afspraken maken voor het volgend jaar.
It ienige Frysktalige bûsboekje leit wer yn ’e webwinkel. De edysje 2027 stiet fol mei nijsgjirrige stikjes en tips. It bûsboekje is yn ’e jierren 70 ûntstien út it idee wei dat it Frysk in folweardige taal is. In bûsboekje is hiel persoanlik, it komt yn ’e rin fan it jier fol te stean mei priveesaken en kontaktgegevens fan freonen. In Frysktalich bûsboekje is noflik en hiel gewoan.
Thema 2027: nammen
Ûnder it motto: ‘what’s in a name’ hat de redaksje te set west oer doarpsnammen, famyljenammen, bynammen en skelnammen. Wy ha in petear hân mei de Topografyske Wurkgroep oer it ferfryskjen fan plaknammen, in proses dat al in protte jierren geande is en in kwestje is fan ‘oanhâlde as storein’.
De tradisjonele puzel sil in soad Bûsboekjebrûkers wol efkes oan it wurk sette. Betink mar ris yn hokker doarp de ‘koekefretters’ wenje! Ynstjoerders meitsje kâns op in Bûsboekje 2028.
Op alle siden stiet ek wer in sechje. As as: “Myn namme stiet op de doar, sei de man, mar fierder bin ik baas, sei de frou”.
It Fryske Bûsboekje bestiet al sûnt 1976. Earst wie it Kristlik Frysk Selskip (KFS) de útjouwer, de lêste jierren is dat de Fryske Beweging.












